Mantgumer peloters jouwe Littens in leske
Easterlittens begun mei in 6-0 foarsprong, mar soe it earst net krije. En sa soe it noch in pear kear gean. Alle kearen gie op 6-6 it earst nei Mantgum. Mar ik soe fansels ús mannen tekoart dwaan as ik alles oan de wet fan Murphy taskriuwe soe foar it ferlies fan Easterlittens. De opslach fan Mantgum hie folle mear lingte en de mannen sloegen ek in grut oantal kearen boppe. Anne Piet Tolsma sloech as yn syn bêste jierren en krige flinke assistinsje fan Jan Heida en Lieuwe Fopma. Albert de Jong en Jelmer Jonker koenen har sels permittearje om in tal kearen oer de bal te dûken dêr wêr’t de bal ienfâldich wie te kearen. Mar sels dat koe dizze kear wol wat lije. Littens krige mar in spul oan de tillegraaf en dat hâlde yn dat Mantgum mei in oerweldigjende 10-2 winst in noflike neisit hie.
Geplaatst op 14 May 2009